grieteke

My blogs

Blogs I follow

About me

Introduction Ik bin neist mysels ek * dochter fan myn heit en mem dy't krekt ferhuze bin nei Grou,* helt fan in twaling; myn twalingsuske is Lies,* sus fan Klaas en Pity, *frou fan Henk, dy't 10 jier âlder is dan ik, mar oh sa jong fan lichem en geest is en wêr't ik al mear as tritich jier noch steeds om en mei laitsje kin!,* mem fan Koen en Arjen; hartstikke leuke jonges mei like aardige freondinnen, te witten Sabina en Ciska ,* freondin fan n hele kloft leave minsken en * favorite kollega fan Robert, dy't fûn dat ik wat oan myn profyl dwaan moast. No by deze dan!
Interests Ik hâld û.o. fan omgean mei myn gesin, famylje en freonen en dan fan lêzen, Tryater, rinnen, mei de kamper fuort, lekker ite - leaver net sels klearmeitsje-, hûs skjinmeitsje, domme searjes op de televyzje folgje, klusse by in oar ensfh.
Favorite Movies De film dy't ik noait wer ferjitte sil is : Jesus Christ Superstar. 't Is 1973 en mei myn sus en twa freondinnen fytse wy fanút Grou (dêr gean ik nei de Mavo) nei Snitser bioskoop. Elk jier mei peaske is er wer te sjen en bâld ik lûdop alle ferskes mei, dit ta grutte ergernis fan myn soannen!
Favorite Music Ik fyn in hele protte moai, as ik it mar faak genôch hear. Erch hè? Henk hat foar my in cd makke mei liedsjes dêr't ik elke kear wer de triennen fan yn de eagen krij, mar welke dat binne sis ik hjir net.
Favorite Books Ien fan de allermoaiste boeken dy't ik oait lêzen ha, en ek it boek dat ik ien kear yn de twa jier wer lês is "Broers" fan Bernice Rubens